Bynt fan 3 juny 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Yn Bynt Sport giet it hjoed oer trainers dy’t wurkje yn it bûtenlân. Twa Friezen dy’t dêr in hiel soad oer witte binne Peter Meindertsma en Robert Roelofsen. Meindertsma is assistint-trainer yn de Feriene Arabyske Emiraten en Roelofsen traint in klup op ‘e Faeröer Eilannen. En fansels giet it ek oer de aktualiteit. SC Cambuur moat op syk nei in nije trainer, no’t Marcel Keizer fuort giet nei Jong Ajax. Oan tafel sit de âld-trainer fan de Ljouwerters, Henk de Jong. In soad supporters sjogge De Jong mar al te graach werom kommen as trainer yn it Cambuur Stadion.

En fierder?
Is der in Cambuur-flagge te winnen. En net samar ien, ien mei in hantekening fan Henk de Jong! Wolle jo dêr kâns op meitsje? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl! We hawwe ek wer in foarsizzing fan de Kening fan Kongo, dy’t al yn syn glêzen bol sjen kin wa’t de Slachte wint. Sjen dus!

De kwis

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)