Bynt fan 3 juny 2015 17:20

De ein fan Sepp Blatter by de FIFA
Fjouwer dagen nei syn werferkiezing, ferwûndere Blatter freon en fijân troch dochs op te stappen as foarsitter fan de FIFA. In strategyske stap of wie syn posysje ûnhâldber? En hoe sil it no fierder gean? Wy sjogge dernei mei sportsjoernalist Jaap Stalenburg.

Wander Blaauw hâldt op by it MCL
De grutte baas fan Zorgpartners Fryslân Wander Blaauw sil mei pensjoen. Mei him sjogge wy jûn nei de feroarings yn de soarch. Hoe sjocht hy de takomst fan de soarch yn Fryslân? Wat sil der allegear feroarje? En hoe hat hy syn perioade oan it stjoer fan it MCL belibbe?

Rjochtdei
Yn Bynt kinst dizze wike sjen nei de koarte film 'Rjochtdei'. It meitsjen fan dizze film wie de beleanning foar it moaiste ferhaal dat útkeazen is by de ferhalewedstryd fan It Skriuwersboun. Hjoed it twadde diel fan dit yndrukwekkende ferhaal...

De âldste skoalle fan Fryslân giet ticht
Tritich jier stie skoalmaster Jan de Vries foar de klasse fan de Van Heemstraskoalle yn Aldwâld. Mar de skoalle giet ticht. De âldste skoalle fan Fryslân hat al jierrenlang te min learlingen en kin net langer troch.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)