Bynt fan 3 juny 2014 18:30

Fol programma by de Fryske teaters
It nije teaterseizoen moat noch begjinne, mar de Fryske teaters hawwe de programma's alwer sa goed as fol. De artysten binne regele, no it publyk noch. Wat kinne we allegear foar moais ferwachtsje yn it nije seizoen en wat dogge de teaters om de sealen fol te krijen? We prate der jûn oer mei de direkteuren fan trije grutte skouboargen: De Lawei yn Drachten, Theater Sneek en De Harmonie yn Ljouwert.

Special Olympics. Oflevering 2.
Yn de oanrin nei de Special Olympics, dy't yn juny yn Fryslân hâlden wurde, folget Bynt in tal G-sporters. Sy wurde coacht troch in bekende Fries. Hjoed: siler Jacob van der Meulen fan Snits. Mei de stipe fan âld-olympysk follybalkampioen Jan Posthuma riedt hy him ta. Hjoed geane se mei skûtsjeskipper Douwe Visser te silen op de Snitsermar.

Sûnder soargen op fakânsje
It is wer hast safier: fakânsje! En dit jier ha wy der wer massaal sin oan. Even net tinke oan de krisis, mar genietsje en jild útjaan! Mar wat je fansels net wolle is ferfelende ferrassingen op fakânsje. In reisfersekering biedt dêrom útkomst. Mar je moatte ek net alles fersekerje wolle, fynt finansjeel spesjalist Erica Verdegaal. Yn de studio fertelt se oer wat je wol en net dwaan moatte by it ôfsluten fan in reisfersekering.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)