Bynt fan 3 febrewaris 2016 17:20

Luuc Eisenga: púnrommer by SC Hearrenfean
Der leit net in maklike taak foar Luuc Eisenga by SC Hearrenfean. As nije direkteur is it oan him om de rêst werom te bringen yn de troch twaspjalt en konflikten terge klup. En, ek in moaie útdaging: It Fean siket om in nije haadsponsor. Hoe sil Eisenga dit oanpakke? Wy prate mei him, no’t er de earste trije dagen yn syn nije funksje derop sitten hat.

Hy of sy?
Jikke is berne as frou, mar wol gjin frou wêze. Mar in man wêze wol se ek net. Se hat besletten har boarsten ferwiderje te litten en is no wiis mei wa’t se is. Mar hoe’t it dan hjit, dat wit se net. Se neamt harsels in ‘tussenpersoon’. Psychologe Irma van Steijn helpt Jikke by it sykjen nei har identiteit.

Maartske greiden
Ferline wike kaam samar ynienen it berjocht dat it wer wat better liket te gean mei de skries: alteast yn guon gebieten dy't spesjaal foar de greidefûgel ynrjochte binne. Ferline jier seagen we yn sa'n gebiet: de skriezekrite by Idzegea. Alle reden om dêr nochris nei te sjen.

In stikje Israel yn Ljouwert
In Ljouwerter dy't yn it Jiddysk sjongt: it is miskien in rare kombinaasje, mar klezmerband Di GoJim is it bewiis dat it wurket. De muzykgroep hat kommende sneon har 1500ste foarstelling yn Ljouwert.

BY03BP03

It giet goed mei de skries. Alle reden om dizze reportaazje oer de skriezekrite by Idzegea ris werom te sjen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)