Bynt fan 3 febrewaris 2014 18:30

De útstjoering fan jûn belooft wer nijsgjirrich te wurden. We ha in reportaazje oer Sotsji. Want it binne net allinnich de sporters dy’t dêrhinne ôfreizgje om harren Olympyske dream wier te meitsjen. Wy prate mei ûnder oaren in Fryske fideoskiedsrjochter en in fysioterapeut.

Yn de rige: dizze wike is it presys 20 jier lyn dat Omrop Fryslân begûn mei it útstjoeren fan regiotelevyzje. Wy ha sjoggers frege wat se no ris graach weromsjen wolle út dy ôfrûne twa desennia. Hjoed de ynstjoering fan Jan de Vries. Yn 1994 joech hy lieding oan it resjerzjeteam dat op syk wie nei de pyromaan fan De Jouwer. Ferslachjouwer Janjelle Ringnalda gie mei him werom nei it plak fan ien de grutste brannen: dy yn de grifformearde tsjerke De Oerdracht.

Fierder geane we op 'en paad mei Reitse Spanninga. Hy set him yn foar it projekt ‘Aan Tafel’. Hjirby geane frijwilligers by âlderen lâns om in hapke te iten. Sy dogge dit om’t mei-inoar ite geselliger is, mar ek om’t it foar de âlderein wichtich is om sûn te iten. Mar dat kin wolris dreech wêze as je allinnich binne. Reitse jout tips oer hoe’t je sûn iten klearmeitsje kinne.

En we ha unike bylden fan de Alvestêdetocht fan 1954. Mear as de muoite wurdich dus om jûn te sjen!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)