Bynt fan 3 desimber 2015 17:20

'De 2 Gemeenten’ moat ticht
Troch in fjochtparty foar de doar moat partysintrum ‘De 2 Gemeenten’ yn Jirnsum in moanne lang ticht. Oan tafel Danny Membre, âld-eigner fan Club Red. Dy klub moast ek in moanne ticht fanwege in knokpartij en giet jûn foar it earst wer iepen.

Kryst mei Iris Kroes
Iris Kroes is op it stuit miskien wol de lokkichste frou op ierde. Se hat kaartsjes krigen foar har grutte idoal Adele, én se komt sels mei har nije kryst-CD. Jûn sit se, mei har harp, oan tafel foar in lyts foarpriuwke.

100-plus, en dan?
Twa wrâldoarlogen, de earste minsk op de moanne en de opkomst fan de digitale wrâld: de 100-plussers ha it allegear meimakke. Wiene je eartiids al âld as je de 80 hellen, hjoed-de-dei is 100 wurde gjin útsûndering. Dizze wike yn Bynt fjouwer portretten fan fjouwer 100-plussers. Jûn Folkje Algra fan 105 jier âld út Dokkum.

It media-oersjoch fan Wytze Visser
Novimber is dien en foar Bynt sjocht Wytze Visser noch ien kear werom op wat der allegear barde. Hokker minsken fûlen op? En wa is de persoan fan de moanne? Ek sil Wytze wer syn kollum mei ús diele.

BY03LO01

Sjoch hjir nei it ferhaal fan Folkje Algra. Sy is 100 jier.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)