Bynt fan 3 desimber 2013 18:30

Bert Wassenaar is stâlmaster fan de keninklike famylje. Ek wurdt hy de nije foarsitter fan it Fries Paarden Stamboek. Hy fertelt oer beide funksjes en syn passy foar hynders.

De cold case saak fan jûn; wêr binne de reedrydprizen fan Ulbe van Dijk bedarre? Hy wûn yn 1864 op legindaryske wize de wedstriid yn de Prinsetún. Yn stee fan de 150 gûne, in hiel bedrach yn dy tiid, keas er foar de keninklike pendule (klok). Hy fertsjinne jild as wetter mei it riden, mar einige as earm man. Hy ferlotte syn prizen. Mar wêr bin se no?

It giet net goed mei de meubelferkeap yn Fryslân. Dochs hat de famylje Kapenga gjin problemen. Wurde sy de IKEA fan ús provinsje?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)