Bynt fan 3 april 2015 17:20

Bynt Sport op freed

Hoe wichtich is in goeie skouting foar in betelle fuotbalklup? Dy fraach stelle wy yn Bynt Sport. Wy beprate it jûn mei de assistint-trainer fan SC Cambuur Sandor van der Heide, technysk direkteur Hans Vonk fan SC Hearrenfean en KNVB-scout Jan Melchers.

Beide Fryske klups skoute yn Fryslân, mar ek bûten de provinsje, nei grutte talinten. Sa helle Hearrenfean bygelyks Daley Sinkgraven en Joost van Aken fan bûten Fryslân. By Cambuur stiet dit seizoen Lucas Bijker út de eigen jeugdoplieding yn 'e basis. Bijker spilet al jierren yn Ljouwert. Mar, hokker skaaimerken fan fuotballers fine de skouts wichtich? Wêr sjogge se nei as se ynteressante spilers analysearje?

Der is wer in moaie priis te winnen by Arjen's Sportkwis en de Bynt Sport Toto wurdt hjoed ynfold troch in ferneamde Fries... Foar Myn Klup seagen we dizze wike by de Mini Fryske Derby tusken de D-pupillen fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)