Bynt fan 3 april 2014 18:30

Dwight Lodeweges wie ôfrune wike de meast besprutsen man yn Fryslân nei syn transfer as trainer fan Cambuur nei de grutte rivaal út It Hearrenfean. Earst woe hy it seizoen nog ôfmeitsje, mar in dei letter stapte hy nei in soad opskuor dochs op. Hjoed wie der in parsekonferinsje oer de hiele situaasje en nei ôfrin hie presintator Arjen de Boer in persoanlik petear mei Lodeweges.

Nei goed njoggen jier ferlit er Fryslân: brânwachtkommandant Johan Postma. Yn syn amtsperioade makke er twa tige grutte brannen mei: dy yn it winkelsintrum fan Bilgaard yn 2006 en koartlyn de brân op De Kelders yn Ljouwert. Brannen mei in grutte ympakt. Ek grutte ympakt hie de regionalisearring fan de brânwacht. Sûnt 1 jannewaris binne alle Fryske korpsen gearfoege ta ien organisaasje. In projekt dat Postma as heechste baas lûke moast. Bynt hie in petear mei Postma yn syn lêste wurkwike.

De bewenners fan de beverhokken yn Surhústerfean binne al twa jier oan it striden mei wenningstichting Achtkarspelen, dy't nije wenten delsette wol. Hjoed sjogge wy by Jan en Trienke fan nûmer 62. Se wolle net fuort, mar wolle ek net yn in fertutearze buert wenje. Boppedat sjocht Trienke hieltyd minder. Hoe lang kin soks trochgean?

De lêste jierren hâlde wy ús hieltyd mear dwaande mei it behâld fan ús Fryske lânskip. Nijbou is nedich, mar dan leafst wol mei grut respekt foar de besteande omjouwing. Bauke Tuinstra fan TWA Architekten is alle dagen drok dwaande mei it ûntwerpen fan nije gebouwen yn passende styl. Wy prate jûn mei Bauke en ús saakkundige Steven Sterk oer dizze nije manier fan arsjitektuer, slow urbanism.

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)