Bynt fan 29 oktober 2014 17:20

Oerlêst fan clowns
Frankryk wurdt al wiken terrorisearre troch agressive clowns. Gjin clowns lykas Bassie of de CliniClowns. It giet hjir om jongeren dy't mei bilen en messen achter minsken oandrave om se oan it skrikken te meitsjen. Wy prate der jûn oer mei clown Sander út Ljouwert.

De metoade Nije Pleats
Mei de hiele wynmûnediskusje is it wer hiel dúdlik wurden: Friezen wolle harren lânskip moai hâlde. Dit jildt ek foar de bou fan grutte megastâlen. Mei it ôfskaffen fan it molkkwotum, bouwe de boeren mar omraak, mar wurdt it der ek moaier fan? De minsken fan de metoade Nije Pleats sizze fan wol en Barend van der Veen leit út wêrom.

Keunstmoanne Amelân
De iepening fan de keunstmoanne op It Amelân stiet wer foar de doar. Oant en mei 30 novimber is it hiele eilân fol fan keunst en kultuer mei ferskate eksposysjes. Der binne jûns ek ferskate foarstellings. It tema fan dit jier is “Terug naar de Kust”. Jûn sjogge wy by keunstner Ton Verplanke.

Revalidearje troch te gamen
It is dizze wike de wike fan de soarch by Omrop Fryslân. Fansels hawwe wy hjir ek yn Bynt alle jûnen omtinken foar. Jûn in petear mei Tim Laning fan Grendel Games út Ljouwert. Sy hawwe in nije balâns-game makke foar bern mei harsenletsel.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)