Bynt fan 29 novimber 2013 18:30

Hoe komt it dat guon minsken wol 105 jier âld wurde, en oaren mar 65? Komt it troch it iten, troch sterke genen of krekt troch in bepaalde wize fan libjen? Lifelines is in projekt wêrby't 165.000 minsken út it Noarden folge wurde om hjir in antwurd op te finen. Yn de studio sit Ciska Wijmenga dy't as ûndersiker ferbûn is oan dit grutte befolkingsûndersyk.

Novimber is nét de moanne mei de measte ôflieding. Gjin moai waar, gjin feesten, gjin sinne. Wat moatte jo dwaan om troch de tiid te kommen? Elkoar opsykje yn stêd of teater, of just binnenbliuwe, allinnich, om de stilte te ûndergean. Hjoed it kontrast tusken de brûzjende drokte, en de stilte fan novimber.

Sven Kramer, Cristiano Ronaldo, Cornelis Terpstra, Muhammad Ali. Allegear sporters dy't witte dat sy de bêste binne en dat ek útstriele. Sporters dy't sa oertsjûge binne fan harsels, dat harren tsjinstanner foar de wedstriid al efter stiet. Dêr prate wy jûn oer yn Bynt mei ús eigen sportpsycholooch Berber van den Berg.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)