Bynt fan 28 oktober 2015 17:20

Ferhurding flechtlingedebat
Binne der grinzen oan de frijheid fan mieningsutering? Dat is de fraach, no’t boargemaster Roel Sluiter fan Harns in ynformaasjegearkomste oer de opfang fan asylsikers ôfsein hat, fanwege de mooglike komst fan oanhingers fan de Nederlandse Volksunie (NVU). Yn Bynt in petear mei Siebold Hartkamp: as boargemaster fan Snits makke hy yn de jierren ’90 sels mei wat de komst fan in AZC losmakket yn in mienskip. En: polityk kommentator en bestjoerskundige Rieks Osinga. Hat it in ferstannich beslút west om de ynformaasjegearkomste yn Harns ôf te blazen?

Fryske help yn Nepal
Dizze wike lit Bynt fjouwer reportaazjes sjen oer it gebiet yn Nepal dat it swierst troffen is troch de ierdbeving fan earder dit jier. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizge mei in Fryske helporganisaasje nei Nepal om te sjen hoe't it der no foar stiet.

Ruilaksje foar Moeder&Kind hûs
Minke van Dam wol mei har man Gerwin it earste Moeder&Kind hûs fan Fryslân realisearje. Sa‘n hûs is in plak dêr’t jonge memmen mei in ferstanlike beheining tegearre mei harren bern wenje kinne. Mei in ludike ruilaksje, dy’t se betocht ha om jild yn te sammeljen, hellen se sels it Amerikaanske nijs.

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)