Bynt fan 28 jannewaris 2014 18:30

Sjongeres Gerrie Dantuma giet mei de billen bleat. Us eigen ynternetekspert Schelte Meinsma lit sjen hoefolle fan it priveelibben fan de sjongeres maklik te finen is op ynternet. Oan tafel sit ek in jurist om te fertellen hoefier de wet dyn privacy op it ynternet beskermet.

Fierder in reportaazje oer programmeur Bertus Blaauw. Hy bepaalt wa't op it poadium stiet by grutte muzykeveneminten lykas Lowlands, Pinkpop en North Sea Jazz. En dus ek hokker bands in kâns krije om it echt te meitsjen.

Ekonomy saakkundige Geesje Duursma en Monique Clarisse, marketeer fan Groningen Airport Eelde, prate oer de takomst fan it fleanfjild dat by ús yn de achtertún leit. Op dit momint bestiet it fleanfjild troch de stipe fan de oerheid. Sil dat ea oars wurde?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)