Bynt fan 28 april 2016 17:20

Dokumintêre Oare Jo
De dokumintêre ‘Oare Jo’ giet oer de suster fan Joke Zandstra-Van der Wouda. Sy kaam om by de bombardeminten fan de alliearden yn Bitgummole. En dy bommen sloegen letterlik in krater yn it libben fan Joke har famylje.

Life is Beautiful
Life is Beautiful is de foarstelling fan Klaasje Postma dy’t giet oer de goede kanten fan it libben. Dat is foar ús de oanlieding om minsken mei in bysûnder ferhaal op te sykjen. Dit kear hat Klaasje flechtling Araz Mohammed opsocht. Wat syn ferhaal is? Dat sjogge jo jûn yn Bynt.

Libje yn in serviceflat
De serviceflat Oranjewoud op It Hearrenfean stiet dizze wike sintraal yn Bynt. Dêr wenje senioaren, mar ek mear as tritich jonge topsporters. Ien fan harren is shorttrackster Suzanne Schulting.

Mediarubryk
It is it ein fan de moanne en dat betsjut dat mediaman Wytze Visser komt om te fertellen wat him opfûl yn de media. Wy prate mei him oer it hynder fan Fryslân, de Ofslútdyk en Kulturele Haadstêd 2018.

Libje yn in serviceflat: Suzanne Schulting

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)