Bynt fan 27 oktober 2015 17:20

De start yn it reedriden
Hoe belangryk is de start yn it reedriden? Neffens âld-sprinter Beorn Nijenhuis is de start net earlik. Hy seit dat elke starter syn eigen tempo hat. Dat makket de útkomst fan in rit net earlik. Skiedsrjochter Jan Zwier fan It Hearrenfean is it dêr net mei iens...

It social media merk RUMAG
Minsken dy't in soad op social media sitte kenne de wite teksten op de swarte eftergrûn wol. It is in grappige tekst fan RUMAG. Mar wêr stiet Rumag foar? En hoe sette je dat yn de merke? Ljouwerter Danny Membre is derby belutsen.

Fryske help yn Nepal
Dizze wike lit Bynt fjouwer reportaazjes sjen oer it gebiet yn Nepal dat it swierst troffen is troch de ierdbeving fan earder dit jier. Ferslachjouwer Gerrit de Boer gie mei in Fryske helporganisaasje mei om te sjen hoe’t it mei in healjier giet yn it episintrum fan ‘e beving.

De taalrubryk fan Anna-Marije
Ek Anna-Marije Bloem is wer te gast yn Bynt en dat betsjut dat it wer tiid is foar har taalrubryk. Wat is se dizze moanne allegearre tsjinkaam? En wat foar leuks hat se foar ús meinaam?

Sjoch nei de reportaazje

Fryske help yn Nepal...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)