Bynt fan 27 novimber 2014 17:20

It rommelt yn Riis
Mei bestjoerskundige Sytze Faber sjogge wy jûn nei it gerommel yn de gemeente de Fryske Marren. De ynwenners fan Riis binne poer op boargemaster & wethâlders. Dy wurde beskuldige fan in strieminne kommunikaasje rûn de asylsikerskwestje yn it doarp. Hie de ûnrêst foar te kommen west?

Artyst út de klaai
De measte muzikanten wurde earst grut yn eigen lân en besykje it dan ris oer de grins. By de 19-jierrige Elias Elgersma út Ternaard gie dat krekt wat oars. Hy krige earst in platekontrakt yn, let op, Meksiko, en timmert no yn eigen lân oan de dyk. Dit wykein spilet hy mei syn band Yuko Yuko op Explore the North en jûn skoot hy oan yn Bynt.

De Maritime Akademy
Foar de lêste kear dizze wike sjogge wy om ús hinne op de Maritime Akademy yn Harns. Hjoed rinne wy in dei mei Sytske Weistra mei. Sy is dosint op de seefeartskoalle, en leit út hoe spesjaal dat foar har is.

Top en Twel
Ynwenners fan Toppenhuzen dy't de skoalbern leare hoe't se skake, breidzje of muzyk meitsje moatte. Samar in pear foarbylden wêr't se op CBS It Harspit fan fine dat bern der rjocht op ha. De muzykferiening, de PKN-tsjerke, de sportklup, eltsenien wurdt ynskeakele. Skoaldirekteur Klaas Jan Visser leit út wêrom't it projekt 'Top en Twel' unyk is en wat it doel derfan is.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)