Bynt fan 27 maart 2015 17:20

Bynt Sport op freed
It reedrydseizoen sit derop, en dêrom sjogge wy noch ien kear werom. Dat dogge wy jûn mei regearjend Olympysk- en wrâldkampioen Jorrit Bergsma, de nije hâlder fan it wrâldoererekôr Douwe de Vries en âld-reedrider en sportsjoernalist Harm van der Pal.

Hoe wie it seizoen foar beide riders? Binne se tefreden, wat wie harren bêste prestaasje en wat wie it absolute hichtepunt? Hoe gie it bygelyks foar Douwe yn syn nije ploech? En wannear sille Jorrit en syn Heather no einlik trouwe?

Fansels is der ek wer in moaie priis te winnen yn de Sportkwis, en foar Myn Klup gean wy dizze wike op besite by DOL-FIJN. Dat is in omnisportferiening foar minsken mei in beheining. Mei Dol-Fijn giene wy dizze wike te bowlen...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)