Bynt fan 27 maart 2014 18:30

Oek de Jong is auteur fan tal fan boeken. Syn meast bekende wurk: 'Opwaaiende zomerjurken', 'Cirkel in het gras', 'Hokwerda's kind' en 'Pier en Oceaan'. Oan dy lêste roman wurke hy mear as acht jier en hy krige der de Ferdinand Bordewijk priis foar. Hy neamt 'Pier en Oceaan' self syn 'magnum opus', syn masterwurk dus. Fan 'e jûn is Oek de Jong te gast by it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert, mar earst sit er oan tafel by Bynt om te praten oer syn libben, syn wurk en syn leafde foar Fryslân.

Jacob van der Meulen út Snits is siler yn ieren en sinen. Fan jongs oan ôf gie de famylje it wetter op. Net raar, want Jacob komt út de ferneamde jachtwerffamylje Van der Meulen. Hy sil meidwaan oan de Special Olympics om dêr wedstriden yn syn Valk te farren. Mar foardat it safier is moat der noch wol wat barre. Dus is der help ynroppen. Jan Posthuma, de âld-follyballer en Olympysk kampioen, sil Jacob der troch hinne slepe.

De nije tentoanstelling fan skilder en dichter Anne Feddema hjit túnsicht. Hjir binne skilderijen te sjen dy't de keunstner fan syn eigen tún makke. Elts skilderij is makke troch op oare dagen troch itselde rút te sjen. Sa kin je moai de feroarings yn de tún sjen. Neist Feddema skoot ek fêste gast Steven Sterk oan, dy't fertelt wêrom hy grut fan is fan it wurk fan de keunstner.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)