Bynt fan 27 jannewaris 2015 17:20

Kulturele Haadstêd
Alle Friezen krije moarn in krante op de doarmatte. Net samar in krante, mar in spesjale edysje fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Hy makket diel út fan in offinsyf om minsken waarm te meitsjen en te belûken by Kulturele Haadstêd. Ton van Dijk, direkteur fan it hiele barren, skoot jûn oan yn Bynt. Hoe stiet it der no foar? En wêrom moast it logo yn Den Haach makke wurde?

Myn Winkel
Minsken neame it wol in miks fan in kringloopwinkel en in rommelmerk. It is in winkel yn Snits der’t minsken in planke hiere kinne, dy’t se sels fol lizze mei guod. Se betelje hier foar de planke, mar de opbringst hâlde se sels. Eigener Marlies van Steen leit út werom't dizze nije wize fan winkeljen hieltyd populêrder wurdt.

Grutte Pier
Dizze wike is it 500 jier lyn dat Pier Gerlofs Donia ús Grutte Pier waard. Hy kaam fan Kimswert, en feroare yn in fûle Fryske frijheidsstrider nei’t de Saksen syn pleats yn 'e brân stutsen. It doarp earet kommende tongersdeitejûn de man fan bûter, brea en griene tsiis mei in teatrale optocht. Bynt seach by de lêste tariedings.

Us Fryske taal
Ek ús eigen saakkundige op it mêd fan it Frysk skoot jûn oan. Anna Marije Bloem, dosint Frysk, sit ien kear yn de moanne oan tafel om de opfallendste feiten oer de Fryske taal troch te nimmen. Wat is sy de lêste tiid allegear tsjin kaam? En wat moatte wy bygelyks mei de opmerking fan Sander de Rouwe, dat der in Fryske Shrek nedich is?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)