Bynt fan 27 febrewaris 2014 18:30

Juster waard bekend makke wat der allegear mis gien is by it dongsilodrama yn Makkingea. Ut in rapport fan de ûndersyksried foar feiligens die bliken dat der trije oarsaken wiene foar it ûngelok. Jûn oan tafel Wiebren van Stralen om te praten oer de konklúzjes fan it rapport. Hoe binne dit soart ûngelokken yn de takomst bygelyks foar te kommen?

Yn 1963 ferskynde it boekje “De Smearlappen” fan skriuwer Anne Wadman. Hy hie it yn fiif dagen skreaun op It Amelân. It boek sloech yn as in bom. Binnen in pear moanne wie it ta oan de fjirde en fiifde printinge. Fyftich jier letter komt it boek wer ta libben yn Fryslân DOK, en dêr fertelt programmamakker Eelke Lok jûn oer yn Bynt.

Earmerkwegerder Thom de Groot wurdt dizze wike folge troch ferslachjouwer Albert Jensma. De Groot syn fee is meinaam troch minsken fan de Voedsel- en Warenautoriteit, omdat hy der net goed op passe soe. Jûn diel trije yn it ferhaal, mei omke Oane.

En mei fêste gast Sjoerd Bootsma sille wy jûn prate oer karnaval. Libbet dat noch wat yn Fryslân? En wêrom is it yn Snits sa populêr? Om dat út te lizzen is prins Evert de Twadde fan Drabbelterp yn 'e studio. Drabbelterp ja, want sa hjit Snits mei de karnaval...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)