Bynt fan 26 novimber 2014 17:20

fallisemint Sionsberg
Ek jûn giet it yn Bynt oer it grutte nijs fan juster. It fallisemint is oanfrege, mar betsjut dat ek dat der gjin takomst mear is foar De Sionsberg yn Dokkum?
By ús oan tafel skoot Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân oan om der oer te praten.

In nije soarchfersekering?
It is wer de tiid fan it jier. De nije soarchpoalissen falle op de matte. Dit jier wurde wy, de konsuminten, mei klam advisearre om dochs ris goed nei de poalis te sjen, want de ûnderlinge ferskillen binne tige grut. Dêrom sjogge wy der jûn nei mei Sharon Gerritsen fan de ûnôfhinklike fergelikingswebside Independer.

De Maritime Akademy
Ek hjoed binne wy te gast op de Maritime Akademy yn Harns. We rinne mei op in hiel modern opliedingsskip, de Prinses Maxima. Matroas Reinder Huisman fersoarget it praktykûnderwiis oan board.

Pieter Sjoerds Gerbrandy
Keninginne Wilhelmina neamde him `het zeeleeuwtje', en Winston Churchill spruts oer him as `Cherry Brandy'. Pieter Sjoerds Gerbrandy wie de earste Fryske minister-presidint. Syn wichtichste momint hie er yn de Twadde Wrâldoarloch, as lieder fan it kabinet yn ballingskip yn Londen. Ferneamd histoarikus Cees Fasseur hat no in biografy skreaun oer Gerbrandy, en fertelt der jûn oer yn Bynt.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)