Bynt fan 26 jannewaris 2015 17:20

Break the System
Miskien wisten jo it noch net, mar we stean miskien wol oan it begjin fan in grutte folksopstân. Alteast, dat is it doel fan aksjegroep Break the System. Tûzenen minsken sille moarn yn Den Haach protestearje tsjin ús systeem, mei as doel de macht werom te bringen by it folk. Ien fan de aksjefierders is Gerda van der Werf út Ljouwert, sy skoot jûn oan yn Bynt.

Snert
Bûten wurdt it kâlder, en dus is it tiid foar in echt wintergerjocht. Alderwetske snert. Reitse Spanninga fertelt ús jûn alles oer wat dizze sop sa lekker makket. En wat is no it geheim fan de perfekte snert? Fansels priuwe we jûn ek efkes fan snert, makke troch de winner fan de snertwedstryd ôfrûne wykein yn Wytmarsum.

Grutte Pier
Dizze wike is it 500 jier lyn dat Pier Gerlofs Donia ús Grutte Pier waard. Hy kaam fan Kimswert, en feroare yn in romrofte Fryske frijheidsstrider nei’t de Saksen syn pleats yn ‘e brân stutsen. It doarp earet kommende tongersdeitejûn de man fan bûter, brea en griene tsiis mei in teatrale optocht. Bynt seach by de lêste tariedings.

Allergenen op de kaart
Neffens minsken yn de hoareka liket it wol oft it hieltyd faker foarkomt. Minsken dy’t út iten gean mei spesjale winsken. Der kin fan alles by sitte: gluten, laktose, sûker of nuten. Fan 1 jannewaris fan dit jier ôf moatte restaurants alle allergenen dy’t se brûke op 'e menukaart sette. It stekt Johan Schotanus, fan restaurant de Jouster Toer, dat it it safolste regeltsje is fan de oerheid dêr't se harren op oanpasse moatte. It wurdt harren hieltyd dreger makke. Troch dizze nije wet moat alles noch better yn kaart brocht wurde, Schotanus mei hast wol ien oannimme, allinne foar dit soart saken.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)