Bynt fan 26 febrewaris 2015 17:20

Kolleezje fan de wetterprofessor
Se binne dizze dagen DE hit fan it Frysk skipfeartmuseum yn Snits. De foarstellings fan wetterprofessor Atze Osinga sitte grôtfol en bern binne net by him wei te slaan. Genôch reden foar ús om in kolleezje fan professor Osinga oan te freegjen...

Funking Hip Hop
De Fryske band The Cool Quest is de lêste tiid drok dwaande. Nei optredens by De Wereld Draait Door, Eurosonic Noorderslag, 3FM en oare radiostasjons binne se no klear om Nederlân te feroverjen. Moarn spylje se in thúswedstriid yn Asteriks yn Ljouwert en dêrom skoot sjonger Vincent Bergsma jûn oan yn Bynt...

Dreamteam fan de Greiden
It Dreamteam fan de Greiden. Dat wie de titel fan in searje dy’t Omrop Fryslân 14 jier ferlyn makke oer de F-kes fan fuotbalferiening Easterlittens. Bynt gie werom nei Easterlittens om op syk te gean nei de jonkjes fan doe. Hjoed it lêste part fan dizze rige, oer ien fan de spilers en syn heit dy’t de trainer fan de F3 wie...

De koloniën fan Weldadigheid
De Koloniën van Weldadigheid. It is in prachtich moaie namme. Mar de reden dat se oprjochte waarden, is minder moai. Swalkers, bidlers, weesbern, yn de 19e ieu sieten se mei de hannen yn it jier. Wêr moatte we mei dizze minsken hinne? In spesjaal plak yn Drinte, en foar yn lyts part ek yn Fryslân, wie de oplossing. Rein Munniksma is deputearre fan de provinsje Drinte en drok dwaande om de Koloanjes op de Unesco wrâlderfguodlist te krijen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)