Bynt fan 26 febrewaris 2014 18:30

Bynt giet Olympysk! Mei in spesjale útstjoering út it Bynt-kafee wei sjogge wy noch ien kear werom op de sukselfolste Olympyske Spelen ea.

Oan tafel it ferhaal fan coach en sporter. Mei Jorrit Bergsma en Jillert Anema prate wy fansels oer de tsien kilometer. Wêr komt it sukses wei, wat is it geheim? En hoe grut hat dan de rol fan coach Anema west?

Ek oan tafel shorttracker Sjinkie Knegt. Bliid mei de earste medalje yn it shorttrack foar ús lân ea, mar ek teloarsteld oer it drama fan de relay. Hoe sjocht hy werom op Sotsji? En hoe grut is by him de rol fan trainer Jeroen Otter?

Mei alle sporters is ek ús eigen Roelof de Vries werom út Ruslân. Hoe hat hy twa wiken topsport belibbe? En wat binne syn persoanlike hichtepunten fan de Spelen?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)