Bynt fan 25 septimber 2014 17:20

F16's nei Irak
Hoe komt it no krekt mei de missy nei Irak? Personiel fan de fleanbasis yn Ljouwert sil dy kant op, om mei te helpen mei de Amerikaanske bombardeminten. Wy prate der oer mei âld-piloat fan in F16 Joop Bekkema. Hy hat kommandant west fan de missy op de Balkan en fertelt wat de manlju en froulju út Ljouwert ferwachtsje kinne.

100.000 boekjes fan Nijntje
Nijntje is hast 60 jier âld, mar it knyntsje is noch altyd wakker populêr. Net allinnich de Hollânske en de Ingelske boekjes dogge it goed, de Nijntjes yn in streektaal wurde ek in soad lêzen. Fan 'e wike gie it 100.000e eksimplaar oer de toanbank. Steven Sterk skoot jûn oan oan tafel. Hy jout boeken út yn ferskate streektalen.

It Dockumer Lokaeltsje
Se wiene de bad boys fan de Fryske muzyk yn de jierren '80. Mei koarte nûmers en hurde gitaarmuzyk wiene se ek bûten ús provinsje ferneamd. Foar it Freezefestival, dat dit wykein plakfynt yn de Harmonie yn Ljouwert, komme se noch ien kear byinoar. Bandlid Peter Sijbenga fertelt oer de reüny.

Hinne test in app
Hjoed sil Hinne Ypma foar ús noch ien kear mei syn tablet oan de gong. Dizze kear is it gjin app, mar in webside dy't er ús sjen lit. Hy brûkt it apparaat nammentlik sels it meast om Graftombe.nl te besjen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)