Bynt fan 25 novimber 2015 17:20

Grutte bernepornosaak skokt Fryslân
Twa Penjumers fan 37 en 61 jier binne kopstikken fan it grutste bernepornonetwurk fan de wrâld. Wat binne de effekten fan seksueel misbrûk op in bern? We prate deroer mei Angela Hauer, psychoterapeut by Fier Fryslân.

Tinnitus
Wolris heard fan Tinnitus? It is in oar wurd foar earsûzjen. Ien op de tsien minsken hat der lêst fan. By Johan Kuipers fan Sint Nyk wie it lûd sa oerhearskjend dat hy net mear op it oargel spylje koe. No wurdt syn tinnitus yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean behannele en giet it in stik better.

Meet & Eat
Foar de rige Meet en Eat moetsje Friezen flechtlingen oan de itenstafel. Marin Leus út Ljouwert krige trije Syriërs oer de flier.

Kening Hert & Harry Hazze
In naïve kening en syn ûndogenske lakei. Dêroer giet de bernesearje 'Kening Hert & Harry Hazze'. Fan moandei ôf is dit programma te sjen by Omrop Fryslân. Betinker Feije van der Meer fertelt wêrom't it programma sa bysûnder is.

BY25KO02

Ljouwerters en flechtlingen tegearre ûnder de namme Meet & Eat

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)