Bynt fan 25 maart 2016 17:20

Bynt Sport op freed
De sportwrâld stiet op 'e kop. Tongersdei ferstoar Nederlânsk grutste fuotballer: Johan Cruijff. It is ien fan de ûnderwerpen dy't jûn by Bynt Sport op tafel komt. Alle trije gasten binne hjoed sjoernalisten, dy't prate oer de ûntwikkelings fan 'e ôfrune wike yn 'e sport. Opinymakker Jan Dijkgraaf, Friesch Dagblad-sjoernalist Gerard Bos en Omrop Fryslân-sjoernalist Andries Bakker jouwe harren miening oer de UNIS Flyers, Pieter Weening, Johan Cruijff en wat fierder mar oan bar komme sil.

En fierder?
Sit de Kening fan Kongo yn de sliepstân yn ferbân mei it fuotbalwykein sûnder earedifyzje. Oft er wol in foarsizzing docht? Dat is dus mar ôfwachtsje... Wa't net yn 'e sliepstân sit, is Henk Veerman. Hy stelt dizze wike de fraach yn Arjens Sportkwis. It goeie antwurd kinne jo maile nei bynt@omropfryslan.nl.

Arjens Sportkwis mei... Henk Veerman!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)