Bynt fan 25 april 2014 18:30

It Frysk damjen kin it ynternasjonale spul folle útdaagjender meitsje. Dat is de ynskatting dy't grutmasters fan oer de hiele wrâld meitsje. Sy binne dit wykein yn Frjentsjer foar in grutmastertoernoai Frysk damjen en binne tige entûsjast oer it spul. Bynt stjoerde ferslachjouwer Gerlof Kolk, sels ea Fries kampioen gewoan damjen, nei Frjentsjer foar in ympresje.

Bynt folget fjouwer sporters yn harren tarieding op de Special Olympics. Elts hat in trainer krigen om begjin juny by de wedstriden sa goed mooglik yn foarm te wêzen. Hjoed geane wy del by Aaltsje van der Iest. Se docht mei as swimster en sy wurdt holpen troch âld-reedrydster Barbara de Loor. Hoe sjocht in dei fan Aaltsje der út?

Beweging is net allinnich goed foar in slank figuer mar ek foar it brein. It kin bygelyks de kâns op syktes as Alzheimer en demintens lytser meitsje. Dus fan dy bank ôf en oan it wurk (nei de útstjoering fan Bynt fansels)! Us saakkundige sportpsycholooch Berber van den Berg sil jûn útlizze hoe't it no krekt wurket.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)