Bynt fan 24 septimber 2015 17:20

De Fryske frijbûtsers
Striptekener Aart Cornelissen makke in stripboek oer twa Fryske frijbûtsers. Oebele & Abele komme yn de slach by Warns tsjin Graaf Willem IV.

De Wike fan de Iensumens
Dagenlang gjin besite, net ien om efkes in kop kofje mei te drinken of om tegearre in hapke te iten. Iensumens is in groeiend probleem, mar der rêst noch in grut taboe op. Rinske de Vries wurket foar Aardema Thuiszorg yn Nijhoarne en komt dit probleem alle dagen tsjin.

Fryslân boppe mei Gertjan Verbeek
Gertjan Verbeek wurket tsjinwurdich yn Dútslân. Mar hy wennet noch altyd yn Jobbegea. Bynt gie by him del...

MBO-studint fan it jier?
Denise Stinstra is studinte oan it Friesland College yn Ljouwert. Foar in stúdzjeprojekt gie se nei Yndonezië. En wat se dêr die, wie sa spesjaal dat se no kâns makket op de titel MBO’er fan it jier!

BY24IO03

Oebele & Abele yn de slach by Warns!

BY24IO02

Del by Gertjan Verbeek yn Jobbegea

BY24IO01

Wike fan de Iensumens

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)