Bynt fan 24 maart 2016 17:20

De Ferlosser is net mear
Hjoed in spesjale Bynt, folslein yn it ramt fan Johan Cruijff. Want tongersdeitemiddei kaam it berjocht dat de 68-jierrige fuotbalheld ferstoarn is oan de gefolgen fan kanker. In gigantysk ferlies foar de fuotbalwrâld.

We prate mei Henk de Jong, dy’t as jonkje fan tsien nei syn grutte held seach op de tillevyzje. By syn âlden thús stie de ienige kleuretillevyzje yn de strjitte, dus de hele buert rûn út om Cruijff te sjen.

Paul Olijve kin sizze dat hy ‘El Salvador’ trije kear nei it sportkomplex fan Bûtenpost helle hat. Dat waarden bysûndere moetings...

En mediaman Wytze Visser bringt in oade oan de man dy’t net allinnich ferneamd wie om syn fuotbalkwaliteiten, mar ek om syn útspraken.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)