Bynt fan 24 maart 2014 18:30

Wim "the Iceman" Hof stiet bekend om syn ekstreme aksjes: swimme ûnder it iis troch, of hurddrave op bleate fuotten yn de snie. Freed wol er besykje safolle mooglik minsken op bleate fuotten it iis fan Thialf op te krijen. Foarich jier die er dat ek al. Yn Bynt leit er út wat syn geheim is. En we teste ek noch efkes hoe goed Roelof tsjin de kjeld kin...

Yn de rige fan dizze wike folgje we Fryske dielnimmers oan de Special Olympics, dy't begjin juny yn Fryslân hâlden wurde. 4000 sporters mei in ferstanlike beheining stride op It Hearrenfean en yn Snits om de medaljes. Yn de rige wurde bekende Nederlanners as coach keppele oan in g-sporter. Hjoed: Lutz Jacobi en kuorbalster Alyce Norbruis.

En: de Breuningslaan yn Wolvegea stie lang bekend as in strjitte mei in soad problemen. Drugs, drank, oerlêst fan studinten, fandalisme... koartsein: net in noflik buertsje. Troch de ynset fan de wennigstichting en de bewenners is de sfear yn de strjitte de ôfrûne jierren flink ferbettere. Buorlju helpe elkoar yn de tún en dogge boadskippen foar elkoar. De jierlikse NL Doet-dei is foar de buert alle jierren wer in bysûnder momint. Wy stjoerden ús fêste gast Martin Cnossen sneon nei Wolvegea om de sfear yn de strjitte te priuwen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)