Bynt fan 23 septimber 2014 17:20

Piet Paulusma
It waar wurdt hieltyd ekstremer en dêr sit Piet Paulusma oer yn. It klimaat is ien fan de wichtichste tema's op de VN-top yn New York, dy't hjoed úteinset. Mar Paulusma hat net al te folle fertrouwen yn de ôfspraken dy't de wrâldlieders dêr meitsje.

App-tester Hinne Ypma
Yn de rige test Hinne Ypma fan Tsjom alle dagen in app foar op de tablet of tillefoan. Hjoed hat er in app foar it geef Frysk skriuwen fan de Afûk op de testbank.

Keramiek yn Belvédère
Museum Belvédère iepenet hjoed in bysûndere tentoanstelling. Minsken mei in ferstanlike beheining eksposearje fan hjoed ôf keramyk yn it museum. En it binne wiere keunstwurken! Bynt wie by de iepening.

Hypoteek oerslúte: ja of nee?
No't de rinte hjoed-de-dei sa leech is steane in soad huzebesitters foar in dilemma. Moatte se harren hypoteek oerslute of net? Oerslute betsjut dan wol in legere rinte, mar faak ek in fikse boete. Sytze van der Meer fan De Hypotheker yn Ljouwert jout útlis oer de konsekwinsjes.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)