Bynt fan 23 maart 2016 17:20

Netwurkje op de sakebeurs
Netwurkje, netwurkje, netwurkje. Dêr draait it om op de Business Contact Dagen Noord yn it WTC Expo yn Ljouwert. Us ferslachjouwer Afke Boven is ‘ter plaatse’, en se sit opsluten yn in wiere ‘escape room’...

Mei elkoar fierder
Hoe moatte wy as mienskip fierder nei de oanslaggen yn Brussel? We prate deroer mei moslim Magan Tahir en dûmny Margarithe Veen. Harren oplossing? Ferbining en leafde.

De striid fan Milou
De hiele wike folgje we de striid fan Milou Bosscher. Sy rûn yn desimber in dwarlaesie op by it NK tramponinespringen. Troch dokters yn Grins waard se nei in revalidaasjesintrum yn Utrecht stjoerd. Dêr moast se leare om in rolstoel te bestjoeren mei har kin.

Ger Jaarsma nimt ôfskie fan de Kredietbank
It kin elkenien barre: je baan kwytreitsje, it hûs net mear betelje kinne en dêrtroch yn de skulden en skuldhelpferliening komme. Foar dizze minsken hat Ger Jaarsma him fjirtjin jier ynsetten by de Kredietbank Nederlân. Tongersdei is syn lêste wurkdei.

BY23CP01

Rige: de striid fan Milou

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)