Bynt fan 23 maaie 2014 18:30

Ofskied fan Kees van Anken
Kees van Anken hâldt mei yngong fan 1 jannewaris 2015 op as direkteur by Zienn. Nei 22 jier is it tiid foar in nije útdaging. Altyd hat er him ynset foar de swakkeren yn de maatskippij mei in soad leafde en passy. Bynt gie del by Van Anken om te praten oer syn ôfskied.

Mei tank oan Europa: Wurk
De opkomst by de Europeeske ferkiezings juster wie wer net heech. En dat wylst Europa bêst belangryk is. Op it mêd fan wurk bygelyks binne der yn Europa 1,8 miljoen fakatueres. As je bûten Nederlân oan de slach wolle, kinne je terjochte by EURES, in ôfdeling fan it UWV. Sy helpe wurknimmers dy't nei it bûtenlân ta wolle, mar ek bedriuwen as dy minsken út it bûtenlân hjirhinne helje moatte. Wy seagen yn Harns hoe't it yn de praktyk útpakt.

Grinsrjochter Erwin Zeinstra
Moarn is yn Lissabon de finale fan de Champions League. Der sille gjin Nederlânske spilers op it fjild stean, mar wol oan de line. Erwin Zeinstra út Dronryp is troch it Europeesk fuotbalbûn oanwiisd as assistint-skiedsrjochter by de wedstriid. Wy sochten Erwin fan de wike even op, en prate jûn oan tafel mei syn suster Miranda, en mei Adriaan Inia fan Gytsjerk, dy't sels ek ynternasjonaal fluite hat.

Ulesjoernaal
It is freedtejûn, dus kinne jo ek wer sjen nei in nij ûlesjoernaal. Dizze wike hawwe de piken in oar plak yn it hok opsocht, en besiket ien fan de ûltjes oft er al fleane kin...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)