Bynt fan 23 jannewaris 2014 18:30

Pieter Verhoeff wol in dokumintêre meitsje oer komponist Cees Bijlstra út Grou. Bijlstra ferstoar 10 jier ferlyn. Yn Bynt jûn in reportaazje mei de widdo fan Cees, en mei Verhoeff. By de tariedings fûn Verhoeff nea útbrocht wurk fan Bijlstra en dêr lit hy jûn wat fan hearre.

Alle keunstners dy't meidogge oan de tentoanstelling 'Keninklik portret' yn Haskerdiken steane posityf tsjinoer it keningshûs. Allegearre, útsein Joost Schmidt fan Ingwierrum. Hy wol it tsjinlûd hearre litte. De tentoanstelling luts al hûnderten besikers en ferhuzet aanst nei It Hearrenfean.

En mei fêste gast Sjoerd Bootsma sille wy in stikje foarlêze. Juster binne de Nasjonale foarlêsdagen útein set en yn Bynt hjir ek omtinken foar. Wisten jo bygelyks dat mem folle faker in boekje der by pakt as heit? En dat der dêrom de kampanje “Vaders voor voorlezen” fan start gien is?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)