Bynt fan 23 febrewaris 2016 17:20

Fan De Jouwer nei it Wite Hûs
Bianca Pander, oarspronklik fan De Jouwer, wie de ôfrûne twa wiken yn Amearika. Se wurke mei oan de kampanje fan Hillary Clinton, dy't de earste froulike presidint fan de Feriene Steaten wurde moat. Giet it yn dy kampanjes altyd krekt sa hurd tsjin hurd, as dat wy tinke?

Gouden tips foar 50-plussers om te sollisitearjen
It wurdt yn Fryslân wer makliker om in baan te finen, mar dat jildt net foar minsken boppe de 50. En dat hat te krijen mei hoe't se sollisitearje. Simon Minnesma jout sollisitaasjetreningen oan 50-plussers, en dielt de gouden tips yn Bynt.

Net besteande fûgels
Keunstner O.C. Hooymeijer is yn syn atelier yn Spangea drok dwaande nêsten te bouwen foar net-besteande fûgels. Fan 19 maart ôf binne dy te sjen yn Natuurmuseum Fryslân.

Frysk op google, de BBC en yn it MBU
Op de lêste tiisdei fan de moanne skoot Anna Marije Bloem wer oan yn Bynt, mei de lêste nijtsjes oer it Frysk.

BY23BP04

Gesina Goudberg is 50-plusser en hat troch oars te sollisitearjen, dochs wer in baan fûn.

BY23BP05

Keunstner O.C. Hooymeijer oer de prizekast fan fokker fan net-besteande fûgels Aldert Jan Visser.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)