Bynt fan 23 april 2015 17:20

Bêd, bad en bôle
Bêd, bad en bôle, de needopfang foar útprosedearre asylsikers, ferdwynt út Fryslân. It kabinet hat besletten dat de opfang fan yllegalen allinnich noch yn de fiif grutte stêden Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utert en Eindhoven en yn Ter Apel mei. Wy prate deroer mei Ammy van Eerden fan de Betheltsjerke yn Drachten.

Twadde kâns yn de keunst
In twadde kâns om dochs nochris de keunstakademy te dwaan. Doet Boersma makket it mooglik yn Ljouwert. Foar alle minsken dy't it earder net oandoarden, mar der noch altyd fan dreame om keunstner te wurden. Moarn is de offisjele iepening fan de Kunstacademie Friesland...

Doarpen yn aksje
It plattelân is yn beweging. Der binne hieltyd mear doarpen dy't sels de toutsjes yn hannen nimme en fan alles sels dogge. Miskien is it wol dé manier om de holle boppe wetter te hâlden. Jûn de lêste ôflevering fan ús rige ‘Sels Dwaan’ yn Eastermar, dêr't se úteinset binne mei Lokaal Loket.

It fertriet fan de PvdA
De PvdA Fryslân fielt him naaid. Foaral troch it CDA, dy 't de sosjaaldemokraten fan it Fryske, provinsjale plús stjitten ha. Foar in soad selsrefleksje like juster gjin romte op de provinsjale ledefergadering yn Easterlittens. Dêr't fansels ek praten waard oer de grutte ferkiezingsnederlaach by de Steateferkiezingen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)