Bynt fan 22 septimber 2014 17:20

Wrâldkampioen Marit!
Ofrûne wike waard Marit Bouwmeester wrâldkampioen by it silen yn de Laser Radial. No't se wer thús is út Spanje, skoot se oan yn Bynt. Hoe hat se it kampioenskip belibbe, hoe swier wie it? En wat is der allegear op har ôfkaam dit wykein?

Hokker natoergebiet wurdt opknapt?
Ferline wike koene de sjoggers fan Bynt stimme op it natoergebiet dat neffens harren in opknapbeurt fertsjinne. Fan 'e moarn ha wy mei in blomke by de winner del west, om te hearren hoe't it opknappen yn de praktyk útpakke sil.

Hinne test in App
Hjoed sil Hinne Ypma foar ús in App teste. Wat tinkt hy fan de applikaasje “Wandelen in Nederland' . Kin hy der wat mei? Is alle ynformaasje maklik te finen?

Spinnen
Wa't moarns betiid de doar útstapt hat dizze dagen grutte kâns op in ferrassing: in dikke spinreach yn it gesicht! Foaral de krússpin komt in soad foar op 't heden. Hiel aaklik foar in protte minsken. Wy prate der oer mei Peter Koomen, spinne-ekspert fan Natuurmuseum Fryslân.

Bynt-tún
It is wer de heechste tiid foar Miranda Werkman om efkes del te gean by ús Bynt-tún. Mei Aat sil se jûn sjen hoe't alles derby stiet, hoe't it groeit en bloeit en hokker ynfloed oft it moaie waar fan de ôfrûne wiken hân hat. En, se meitsje in hearlike sop, dêr't it resept fan op ús Facebookside komt!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)