Bynt fan 22 oktober 2015 17:20

Neushoorn is iepen!
Mei in optreden fan de Ingelske sjonger Fink is Neushoorn juster feestlik iepene. It nije Ljouwerter poppoadium wie mei goed 700 besikers útferkocht. Bynt seach by de iepening, en programmeur Wietze Meetsma skoot oan yn de studio.

’Moeders springen niet van flats’
De dokumintêre 'Moeders springen niet van flats' sloech ferline jier yn as in bom. It smyt makker Elene Lindemans hjoed in nominaasje op foar de Psyche Media priis. It is no 13 jier lyn dat har mem op It Hearrenfean fan de Muntflat ôfsprong.

Kommardel
Yn dizze Fryske muzykwike komt Omrop Fryslan moarns betiid del by ien fan har harkers. In ferneamde Fryske artyst jout dan in minykonsert. Hjoed slute wy de wike ôf mei de mannen fan De Kast!

VARA-searje ‘De Strijd’
Mei de nije searje De Strijd lit de VARA har wiere gesicht sjen as arbeidersomrop. Yn tsien ôfleveringen wurdt de sjogger meinaam troch de skiednis fan de arbeidersbeweging. Ek foar Fryslân wichtich, mei Fryske foaroanmannen as Piter Jelles Troelstra en Domela Nieuwenhuis.

Iepening Neushoorn: wat fynt de ekspert?

De iepening fan Neushoorn, mei de ekspert fan 3voor12 Fryslân

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)