Bynt fan 22 maart 2016 17:20

Oanslaggen yn Brussel
De skrik sit der goed yn, nei de oanslaggen yn Brussel. Hoe hawwe in Belch yn Fryslân, en in Fries yn België dizze dei belibbe?

It fertriet fan Milou Bosscher
Trampolinespringster Milou Bosscher rûn ferline jier by it NK in dwerslaesie op. Dizze wike sjogge we hoe't sy en har famylje besykje it libben wer op te pakken.

Ophâlde mei beukertoetsen
Beukers moatte kliderje, kleurje en boartsje en foaral gjin toetsen meitsje. Dat is de fizy dêr't ortopedagooch en lektor Sieneke Goorhuis har jierrenlang foar ynsetten hat. Mar fan 'e wike hâldt se op mei dy striid, om mei pensjoen te gean.

BY22CP01

It fertriet fan Milou Bosscher fan it Hearrenfean.

BY22CP02

Basisskoalle It Betrouwen yn Bakkefean jout it goeie foarbyld as it giet om it NET toetsen fan beukers.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)