Bynt fan 22 jannewaris 2015 17:20

De Alvestêdetocht op skeelers
As it oan Evert Wilstra leit dan komt er der wer: de Alvestêdetocht. En wy hoege neffens him net te wachtsjen oant de hiele rûte fol iis leit. Wol moatte de riders dan miskien in diel fan de rûte op skeelers ôflizze, sa tinkt hy. Mei dit plan skoot hy jûn oan yn Bynt.

50 jier Lemster manljuskoar
It Lemster Manljuskoar fiert dit jier har 50-jierrich jubileum. Dêrom is der sneon in jubileumoptreden op De Lemmer. In wichtich doel fan it koar is om de Fryske kultuer út te dragen. It repertoire bestiet dêrom foar in grut part út Fryske nûmers en de 125 leden drage Fryske kostúms. It koar stiet al hast 40 jier ûnder lieding fan ús gast by Bynt, dirigint Harm van der Meer.

De Hûnekop nei Portugal
Dizze wike binne wy al de hiele wike mei de jonges fan de Hûnekop yn Portugal. Jûn is it safier, Emiel fan de Hûnekop sil sjonge foar syn fans yn Cavaleiro! Foar dit optreden sette hy spesjaal in ferske oer nei it Portugeesk.

Like ús op Facebook http://omrop.fr/FBBynt en meitsje kâns op in moaie Hûnekoppriis.

Ik mis alleen je guacamole
“Ik mis alleen je guacamole!” Skriuwster Joke van Balen set yn dit boek de ûnderfining mei har eigen skieding om yn in 'zelfhulpboek' foar skieden froulju. Yn har boek stean tips en trúks om sa'n yngripende gebeurtenis te ferwurkjen. Jûn fertelt se deroer yn Bynt.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)