Bynt fan 22 jannewaris 2014 18:30

Ljouwert makket him op foar de derby SC Cambuur-SC Hearrenfean. Twa Fryske klups, elk mei in eigen sfear. Stêd moetet plattelân. Mar wat docht sa'n klup as Cambuur mei de stêd? Hoe nau is de bân fan Cambuur mei de buert? De buert dy't deselde namme draacht as de klup. Wy giene op syk nei de siel fan Cambuur.

Tekkens en it keningshûs. Je soene it net fuort bymekoar sykje. Mar foar keunstner Randi Vettewinkel wie it in foar de hân lizzende kombinaasje. Doe't sy mei it keninklik portret oan de slach gie, kaam se noch achter ûnferwachtse dingen. It resultaat is te sjen op de tentoanstelling keninklike portretten yn it tsjerkje de Kapelle yn Haskerdiken. Yn Bynt in reportaazje hjiroer.

“Beheind yn de beheining” is de titel fan in nije dokumintêre fan Fryslân Dok. Ferslachjouwer Simone Scheffer folge Ymkje en Berdien, twa jonge froulju dy't swier lichaamlik hendikept binne. De freondinnen wenje yn ynstelling De Noorderbrug yn Drachten. De besunigings op de soarch reitsje harren behoarlik, mar dochs besykje se alles út it libben te heljen wat der yn sit. Oan tafel by Bynt prate wy hjir jûn oer mei fêste gast Margreet de Graaf en dokumintêremakker Simone Scheffer.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)