Bynt fan 22 april 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Bynt Sport op freed stiet hjoed folslein yn it ramt fan it turnjen! Dizze wike setten de Nederlânske turnmanlju in histoaryske prestaasje del. Se pleatsten harren mei it team foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Yn dat plak wie ek it Olympysk kwalifkaasjetoernoai, dêr't de manlju harren wisten te kwalifisearjen. By it team sitte twa Friezen: Epke Zonderland en Michel Bletterman. Beide skowe se freed oan by Bynt Sport. Ek in oare Fries dy't foar it turnjen nei Rio giet skoot oan en dan giet it fansels om frouljusbûnscoach Gerben Wiersma.

En fierder?
Hawwe we fansels de foarsizzing fan de Kening fan Kongo. Alteast dêr geane we fanút, want SC Hearrenfean en SC Cambuur spylje net yn ferbân mei de bekerfinale. Ofwachtsjen dus. Yn Arjens Sportkwis binne twa kaartsjes te winnen foar de thúswedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Grins. Jo meitsje dêr kans op troch it goede antwurd te mailen nei bynt@omropfryslan.nl! De fraach wurdt dizze wike steld troch Hearrenfean-oanfaller Mitchell te Vrede.

Arjens Sportkwis mei... Mitchell te Vrede!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)