Bynt fan 22 april 2015 17:20

    Plysje-aksjes
    De hekstek ‘politieactie’ is hjoed trending op Twitter. Al wiken lang fiere plysjeminsken aksje foar in bettere CAO. Hjoed rieden de aginten yn kolonne mei 70 kilometer de oere oer de sneldiken fan ús lân. De minister moat mei bettere arbeidsbetingsten komme, oars folgje der hurdere aksjes. Wy prate der oer troch mei wykagint Anne Louwsma...

    Meidwaan oan it NK Pealdûnsjen
    Reade ljochten, skimerige romten en amper klean om it liif. Grutte kâns dat je dêr it earst oan tinke by pealdûnsjen. Mar oars as by de stripklupfariant stiet net erotyk, mar akrobatyk op it earste plak by it NK pealdûnsjen kommend wykein. Yn de studio dielnimster Nicky Bosman fan It Hearrenfean...

    Doarpen yn aksje
    Je sjogge it hieltyd mear: doarpen dy't sels de toutsjes yn hannen nimme en fan alles regelje. Foaral om 't hieltyd mear fasiliteiten ferdwine op it plattelân. Hjoed gean wy del yn Makkingea, om dêr yn de doarpstún te sjen...

    Dei fan de Brief
    We skriuwe appkes, maile en sitte op Facebook. Mar wannear hasto foar de lêste kear in brief skreaun? De lange epistels oer it deistich libben binne net mear fan dizze tiid, en dat is skande fine in soad minsken. Dêrom wurdt freed yn De Harmonie de "dei fan de brief" organisearre. Histoarikus Arjen Dijkstra fan de Ryksuniversiteit yn Grins praat ús by oer de keunst fan it skriuwen...

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)