Bynt fan 22 april 2014 18:30

Ferline wike kaam it boek "Het Koningsvaandel" fan âld-minister Piter Winsemius út, weryn't hy oan de hân fan âlde Fryske myten en leginden de striid sketst fan de Friezen, om har frijheid en selsstannichheid te behalden. Ofrûne sneon gie Winsemius mei twa bussen fol famylje, freonen en kunde, by in tal nijsgjirrige histoaryske plakken yn Fryslan del om it ien en oar út te lizzen. Albert Jensma trof him by Kimswert, it berteplak fan Grutte Pier.

En der is wer omtinken foar de Special Olympics, dy't yn juny yn Fryslân hâlden wurde. We seagen earder al hoe't G-fuotballer Jeffrey van Uffelen coacht waard troch Foppe de Haan. Hy docht mei syn team ek mei oan de Special Olympics. Mar it beoefenjen fan sa'n sport is net samar wat, it kostet in soad ynset, en ek jild. Dêrom hat Jeffrey in bybaantsje yn de Jumbo op It Hearrenfean.

En: is it fansels hiel aardich, al dy aktiviteiten yn de Fryske binnenstêden. Ofrûne winter wie der bygelyks Serious Request en de yntocht fan Sinteklaas. Straks komme de festivals en braderyen der wer oan. Mar wa betellet eins foar al dizze gesellichheid? Yn in soad plakken binne dat de ûndernimmers. No komt der in spesjaal ûndernimmersfûns dêr't de middenstân har bydrage yn stoarte moat foar it organisearjen fan aktiviteiten. Mar hoe frijwillich is dizze bydrage? Jûn yn Bynt in petear mei adviseur Klaas van den Berg en hoareka-ûndernimmer Bas Hollenberg.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)