Bynt fan 21 oktober 2015 17:20

Geweldsmisdriuwen fan Udo D.
Oan de Alde Lune yn Ljouwert is moandeitemiddei in frou om it libben brocht. De fertochte melde him nei it ynsidint op it plysjeburo. Dernei blykt dat de 38-jierrige Udo D. ek noch in prostituee ferwûne hat en in oare frou waard oanfallen yn de Klanderij.

De fertochte hat in gewelddiedich ferline en stie ûnder tafersjoch. GGZ, justysje en de gemeente sizze dat se der alles oan dien ha om Udo D. yn de gaten te hâlden, mar it is dochs fout gean. Ferd Crone sil hjir mear útlis oer jaan. En eks-skoanheit fan de moardfertochte Udo D. sit ek oan tafel. Hy wist dat it út de hân rinne soe.

Kommardel
Yn dizze Fryske muzykwike komt Omrop Fryslan moarns betiid del by ien fan har harkers. In ferneamde Fryske artyst jout dan in minykonsert. Hjoed krigen wer hiel wat fans in húskeamerkonsert, dit kear fan Wiebe Kaspers.

foeliste Emmy Verhey
Ien fan de wichtichste fioelisten yn de wrâld, Emmy Verhey, stoppet. Nei 54 jier giet de fioele oan de kant.

Húskeamerkonsert fan Wiebe Kaspers

Kommardel.nl

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)