Bynt fan 21 jannewaris 2015 17:20

Wachtwurden te simpel foar wurden
It meast populêre wachtwurd fan dit jier is 123456. Dat docht bliken út ûndersyk fan in Amerikaanske website nei de meast brûkte wachtwurden. Leau it of net: oare populêre wachtwurden binne password en qwerty. Jorrit Arntzen, dosint ICT oan de Friese Poort fertelt wêr't in góed wachtwurd no oan foldwaan moat.

Fries wurdt nije Prorail-baas
Pier Eringa is direkteur fan it bêste sikehûs fan Nederlân, fice-foarsitter fan de KNVB, en fan 'e wike waard bekend dat hy de nije baas fan spoarbehearder Prorail wurdt. In man mei in soad bagaazje dus. Hokker ambysjes hat hy noch mear?

T-Rex nei Naturalis: jongesdream komt út foar Anne Schulp
Se ha der miljoenen euro's foar betelje moatten en ek it museum is der hielendal op oanpast, mar fan 2016 ôf is yn Naturalis yn Leiden de T-Rex te sjen. It is foar it earst dat yn Europa sa'n dino útstald wurdt. De grutste en gefaarlikste, de rolls royce ûnder de dinosaurussen. En it is in Fries dy't dat foar elkoar krigen hat: Anne Schulp.

Rige: Hûnekop
Dizze wike binne wy op paad mei De Hûnekop nei Portugal. In reis fan 2500 kilometer foar in optreden. Foar sjonger Emiel is it genietsjen, want se ride yn syn dreamauto.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)