Bynt fan 21 jannewaris 2014 18:30

De ien fynt it mar niks, de oar fynt it prachtich: tatoeaazjes. Tatoe-artyst Rinto Bekkema fan Burgum sit al 30 jier yn it fak en dat is hiel bysûnder. Jûn is er te gast yn Bynt om te fertellen oer de moaiste, meast bysûndere en meast aparte tattoos dy't er setten hat.

Yn de rige folgje wy dizze wike fiif keunstners dy't harren fisy jouwe op it Keningshûs, spesjaal foar de tentoanstelling 'keninklik portret' yn Haskerdiken. Hjoed: Petra Knol Daudeij. Sy koe as lyts famke alles al kwyt yn it tekenjen.

En: kofje. Nederlanners binne der gek op. Sa gek sels, dat wy fan alle lannen yn de wrâld it measte kofje drinke. Dat docht bliken út Amerikaansk ûndersyk. Mar wat is no it geheim fan in perfekt bakje kofje? Peter van Eijl, 'barista' en eigener fan de kofjesaak Doppio is jûn by ús yn de studio om hjiroer te fertellen. Geesje Duursma kin der ek oer meiprate, want sy ferkeapet fansels in soad kofje yn De Pleats. Mar dat mei net samar mear in bakje automatekofje wêze...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)