Bynt fan 21 febrewaris 2014 18:30

    Wat is der dochs oan 'e hân yn 'e Oekraïne? Al wikenlang wurdt der demonstrearre tsjin it regear fan it lân. Mei in soad geweld geane de plysje en demonstranten de striid mei-inoar oan. Yn Bynt skoot jûn Jacques Monasch oan dy't faak yn Oekraïne west hat. Hoe moat it fierder, is der bygelyks noch in oplossing te finen?

    Yn Penjum hawwe se in doarpsmûne dêr't elkenien yn partisipearret. Fan de opbringsten fan sa'n 20.000 euro yn it jier wurdt it doarp opknapt. In foarbyld fan de positive kanten fan wynenerzjy dus. Reden genôch om efkes del te gean.

    As coach hat hy fyftjin wrâldkampioenen op syn namme stean. Dermei is de Japanse Yoshimi Inoue miskien wol de belangrykste karate grutmaster op de wrâld. Hy fljocht acht moannen per jier fan lân nei lân om trainingen te jaan. Dit wykein is Yoshimi yn Fryslân. Oan tafel sit karatedosint Hendry Thamrin út Ljouwert, dy't Yoshima nei Fryslân helle, en ús fêste gast Gerard Bos.

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)