Bynt fan 21 april 2016 17:20

D-Day foar Cambuur
It is D-Day foar Cambuur. Derop of derûnder. Mei fiif punten êfterstân op De Graafschap moátte de Ljouwerters jûn winne fan Willem II om in wisse degradaasje te ûntrinnen. En dan wachtsje noch de pittige wedstriden tsjin PSV en Excelsior.. Geert van Tuinen stiet by it Cambuur-stadion en priuwt de sfear.

Restauraasje fan in ikoan
It ôfbaarnen fan de monumintale Clemenstsjerke wie in grutte klap foar It Amelân. Yn 2013 gie it gebou mei al syn histoaryske eleminten folslein ferlern troch in grutte brân. Randolph Algera is no dwaande mei it rekonstruearjen fan de prachtige glês-yn-leadruten dy’t it gebou ea sierden. Mar ditkear wol mei in modern tintsje.

In sekuer wurkje
Boeken útinoar snije, papier yn it wetter smite en mei de farvekwast yn iuwenâlde boeken skilderje. It kaam de ôfrûne dagen allegear foarby yn ús rige oer de Fryske boekerestaurateurs yn de Blokhúspoarte. Hjoed it lêste diel.

Swiere tiden foar ZZP’ers
Ien op de tweintich Nederlanners is aktyf as ‘ZZP’er’, oftewol ‘Zelfstandige Zonder Personeel’. En foar dy beropsgroep wurdt it der net makliker op. Op 1 maaie ferdwynt de saneamde ‘Verklaring Arbeidsrelatie’ (VAR). Dêrmei rinne opdrachtjouwers it risiko dat se mooglik neiheffings krije fan de belesting. En dêrtroch binne se ynienen net mear sa happich op it ynhieren fan selsstannigen. Wy prate mei programmamakker en freelancer Botte Jellema.

BY21DP04

Rige: bysûndere boekerestauraasje.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)